Temajûn FNP De Fryske Marren – It plattelân no en yn de takomst

BALK

De FNP fraksje fan De Fryske Marren organisearret op tongersdei 4 febrewaris in temajûn mei as ûnderwerp it feroarjende lânskip. It is yn it Sealesintrum yn Sint Nyk en begjint om 19.30 oant 22.00 oere. De trije sprekkers binne Theunis Piersma, ekolooch, Klaas Sietse Spoelstra, fan Kening fan ‘e Greide en Bartele Holtrop, boer. De jûn is frij tagonklik foar elkenien.

Diskusjes

Der is hjoed-de-dei in soad te dwaan oer hoe’t ús plattelân feroaret. Diskusjes oer greidefûgels, lângebrûk, biodiversiteit, duorsumens fine rûnom plak. Yn dit ramt wol de FNP De Fryske Marren yn diskusje mei saakkundigen en belangstellenden om de kânsen en bedrigingen te ferkennen. De trije sprekkers sille har fisy jaan en har ûnderfiningen nei foaren bringe. As earste sil Klaas Sietse Spoelstra wat fertelle oer it boargerinisjatyf Kening fan ‘e Greide. Wat is Kening fan ‘e Greide, hoe en werom is dit boargerinisjatyf ûntstien. En ek hoe’t der mei melkfeehâlders neitocht wurdt oer oplossingen om natuer-ynklusyf, mar ek rendabel buorkje te kinnen. Dan komt Theunis Piersma, trekfûgel ekolooch en waddenbiolooch, oan it wurd. Hy hâldt him yn syn deistich wurk ûnder mear dwaande mei populaasjestúdzjes by de skries. Op 4 febrewaris sil Piersma it ha oer ‘wat is der oan de hân yn it lân’. As lêste sil Bartele Holtrop it ha oer natuer-ynklusyf buorkjen yn de praktyk. Holtrop is boer en wit as gjin oar foar wat foar beheiningen en útdagingen in boer stiet. Nei it skoft is der folop gelegenheid om mei it panel en inoar yn diskusje te gean. Yn it panel sitte de sprekkers en wethâlder Durksz. Wy ferwachtsje nei de ynliedingen en oan de hân fan prikkeljende stellingen in libbene diskusje.

Auteur

Meintje Haringsma