Toniel: Mâle Jan is werom

ALDEGAE

De toanielferiening Aldegea/Kolderwâlde komt mei it stik “Mâle Jan is werom”. Jan v/d Molen (mâle Jan)  komt nei jierren werom yn it doarp dêr’t er opgroeit is. Hy sil in boek skriuwe oer syn heit dy’t ûnskuldich ynde sel set wie. Mâle Jan krijt ûnderdak yn it ferboude hinnehok fan Jaap de Brave (Jaap Wichel), syn frou Elske (goudelske) en dochter Bette (Rotsje). Yn it doarp is net folle feroare. Postrindster Sijke Potter (Sijke Slik) en de korrupte wethâlder Van Beerenschot (de Bear) binne der noch altyd. Spanning, ûntroering en “de Lach”, alles sit der yn!  It stik wurd spile op freed 5 en sneon 6 ferbrewaris 2016

De seal fan MFC de Skeakel is iepen fan 19.15 oere ôf. Oanfang is om 20:00 oere.   Op de foto: Vlnr  Hennie  Binnendijk, Nanne  Koopman,  Hendrie de Vries, Mieke Haarsma, Thea Ketelaar. Onder Wietske  Korenstra, Willemien Wink en Esther Koopman.

Auteur

Meintje Haringsma