Earste offisjele ljipaai De Fryske Marren fûn troch Durk Fopma

LANGWAR

Moandei om trije oere hat Durk Fopma fan Oppenhúzen by Langwar it earste ljipaai fan gemeente De Fryske Marren fûn. Fopma wurdt fannemiddei om 14:30 oere ûntfongen troch boargemaster Fred Veenstra. Dit fynt plak op it gemeentehûs op De Jouwer. Justermoarn waard der ek al in aaike fûn by Aldehaske, mar omdat dit aaike it earste fan de provinsje wie, jild it aaike fan Durk Fopma offisjeel as it earste fan De Fryske Marren.


Auteur

Meintje Haringsma