Toanielgroep Harich spilet ‘Gewoan te gek’

HARICH

Toanielgroep Harich spilet op freed 18 maart en sneon 19 maart ut toanielstik ‘Gewoan te gek’, een blijspul fan Ton Davids oersetten troch Janny van de Veen.

Lisette (Diana Kuipers), Femmie (Klaske Veltman), Isar (Cor Flapper) en Bram (Michiel Osinga) – fjouwer eks-psychiatryske pasjinten – wenje yn Huize fan der Feltzstrjiite. De sosjoterapeute, Toos (Boudien Boersma), moat har helpe harren in plakje yn ‘e ‘normale’ maatskippij wer te finen. Spitigernôch docht Toos faak te goed har bêst. Lisette wol keunstneres wurde en sit in grut part fan ‘e dei yn in kuolkast. Femmie bliuwt obsedearre troch selsmoard. Isar is in synikus mei in skerpe tonge en Bram rekket regelmjittich yn in ‘dip’, om’t syn biologyske tún de meast nuvere en ûnwerkenbere grieten opsmyt. De bewenners lykje noch net echt op ‘normale’ minsken. De wethâlder, Henri van der Berghe (Jack Bergsma), dy’t ferantwurdlik is foar de subsydzje fan Huize fan der Feltzstrjiitte komt dus mar in kear it spul troch it gat te sjen, it liket der op dat de jildkraan tichtdraaid wurdt en de bewenners wer werom nei de ynrjochting moatte. Toos jout dúdlike ynstruksjes hoe’t de bewenners har hâlde en drage moatte as de wethâlder komt, mar dizze bemuoissucht falt by harren ferkeard. Se beslute om sawol Toos as de wethâlder dúdlik te meitsjen dat se harsels poerbêst rêde kinne. Op eigen ‘gekke’ wize besoargje sy harren gasten in tige bysûndere jûn. Dêr krije se ûnferwachte help by fan harren nije buorlju; Daan (Alex Gercama) en Ans Bruns (Loes Boonstra). Hy blykt in ‘talintfol’ gûchelder te wêzen en sy besiket op dizze jûn wat plestyk bakjes oan ‘e man te bringen. Tige betûft bliuwe de eks-gekken de baas en regelje har saakjes mei lef en in bytsje bedroch. Al mei al: útdaagjend toaniel mei moderne téma’s en in sûn poarsje humor. De regy en ynstekster is yn de hân fan José Veldman.

Kaarten

Foar freed binne de kaarten te krijen oan ‘e doar en foar sneon ek by Vakman Bergsma yn Balk en by De Verfboerderij en Bakkerij Prins yn Harich of oan de doar. It stik wurd spile yn Ons Gebouw yn Harich, beide jûn begint it om 19:45 oere.

Auteur

Meintje Haringsma