Toanielklup Nijemardum spilet: Dokterke boartsje

NIJEMA

rdum Op sneon 12 maart waard yn it Doarpshûs/ Sikehûs fan Nijemardum it toanielstik: ‘ Dokterke boartsje’ opfierd.

Nei it ynliedend wurdsje fan regisseur Yme Wiersma dy ' t bliid wie dat der sa' n soad minsken yn ' it Roefke' sieten, waard de ynstekster Annelien Postma yn in rolstoel de seal ynriden. Dêrnei koe it spul begjinne. Arie van Zanten ( Jan Dirk van der Tol), in ûntsnapte bankrôver, wurdt efternei sitten troch de plysje en flechtet yn panyk in gebou binnen. Hy lûkt in wite jas oan en foar't hy it wit, wurdt hy troch de haadsuster fan it sikehûs ( Coby Hospes) oansjoen foar de nije dokter. De non ( Marijke Akkerman) dy ' t stjoerd is troch ‘moederoverste’ komt helpen want der is in tekoart oan personiel. Fierders wurkje ferpleechkundige Bob, dy ' t syn karriêre misrûn is as balletdûnser ( Anton Bekedam) en ôfdielingshelp Miep ( Jeltsje Hoekstra) ek noch yn it sikehûs wêr' t Chris ( Sander Mollema) patiënt is mar of hy no al of net wat mankearret, dêr komme wy net hielendal efter.

Prostaatklachten

It wurdt spannend foar Arie as der in ynspekteur fan de plysje ( Piet Johan Ferdinands) opnaam wurdt fanwegen prostaatklachten. Slagget it Arie om elkenien op de ferkearde foet te setten en him as dokter van Vliet foar te dwaan? Zwangere Annie ( Tryntsje Rienstra) fynt syn ûndersiken yn elk gefal tige noflik. It stik waard mei faasje spile en it publyk reagearre enthousiast. It wie in tige slagge jûn!

Auteur

Meintje Haringsma