Deadebetinking yn Himmelum

HIMMELUM

Vrijheid omarmd- wie dit jier it lanlike tema fan de deadenbetinking op 4 maaie. It 4 maaie kommitee fan Himmelum hat dizze suggestje mei beide hannen oangrypt om dit yn har eigen betinking foarm te jaan.

Sa as alle jierren begûn de betinking mei in stille tocht op de krusing fan de Yde Bouke Yntemastrjitte en de Sijbren Sijtsmastritte. Dizze twa strjitten binne neamd nei de twa yn'e oarloch omkommen fersetsstriders fan Himmelum.

Ferskate rinners krigen in grutte letter dêr't beide hannen by nedich wiene om se te omearmjen. Doe't de stille tocht oankaam by it monument, krigen de meinommen letters harren plakje en kaam der yn in heale rûnte te stean: -vrijheid omarmd. Sa'n 100 minsken lústeren nei de wolkomswurden fan Peter Vessies. Wurden mei in tried nei it tema en ek nei de wurden fan it lied -De stilte- fan Stef Bos:

Niets is sterker

Dan de stilte

Niets heeft zoveel kracht

Als het zwijgen van de nacht

Niets is sterker

Dan de stilte

Niets is sterker dan het woord

Dat niemand hoort

Jelle Oeds Wijbinga, Vigo Neve, Klaske Smid en Hanna Klos fan groep 7/8 fan basisskoalle de Barte liezen harren selsmakke gedichten foar. Nei it sinjaal en de twa minuten stilte klonk it Wilhelmus oer de Himmelbrink. By de seremoaniële krânslizzing waard it boeket fan de Barte lein troch Evie Mariek Meij en Silke Lageweg. De reade krânse fan it doarpsbelang waard lein troch Arjen Siersma en Marian Visser. Nammens de gemeente Súdwest-Fryslân leine Henry Meijering en Bokke Walter Lanting de wite krânse. De blauwe krânse waard út namme fan de tsjerklike PKN gemeente Himmelum, Bakhuzen, Murns en Riis lein troch Sietse en Tsjerry Postma. Henry Meijering lies nammens de gemeente Súdwest Fryslân de taspraak foar en oanslutend waard it liet -Donna donna- songen en spile troch in pear doarpsbewenners.

Nei it offisjele part waarden de minsken útnoege om yn it doarpshûs de Begine de tentoanstelling mei bijdragen fan de bern te besjen. Alle groepen fan de basisskoalle hiene yn't spier west mei it tema -vrijheid omarmd- as ynspiraasjebron.

Op de foto: VRIJHEID OMARMD stiet no yn grutte letters om it monument yn Himmelum.


Auteur

Redacteur