Gratis Friese app bij stripboek naar Jules Verne

DRACHTEN

 De Fryske app 'In wrâldreis yn 80 dagen' is fergees online kaam. It befettet de digitale ferzje fan it Fryske stripboek mei deselde titel, in bewurking fan Jules Verne syn ferneamde 19e-iuwske reisferhaal.

NB De Nederlandse versie van dit persbericht staat hieronder De Grinzer/Fryske útjouwer Regaad hat it stripboek earder fan ’t simmer útbrocht; binnen in moanne wie de strip al ta oan de twadde druk. Ut soarte is de app folle wiidweidiger as it stripboek wêze koe: lûdseffekten, animaasje, in elektroanyske ferzje fan de roman sels (yn in Fryske oersetting) en mear as 40 saneamde ‘ynfopunten’. Dy ynfopunten befetsje allerhanne eftergrûnynformaasje en meartalige url’s oer de wrâld anno 1872 – it jier dêr’t de fiktive wrâldreis fan de gentleman Phileas Fogg en syn feint Passepartout yn plakfûn. Yn gearwurking mei in skiednisdosint fan CSG Liudger Burgum hat Regaad in digitaal lespakket by de app ûntwikkele. Dêrmei wol de útjouwer in nij en folslein digitaal ûnderwiismiddel biede foar it meartalich fuortset skiednis- en ierdrykskundeûnderwiis, en fansels foar de lessen Frysk. Oars as earst soe, is besletten om de app – dy’t yn opdracht fan de útjouwer makke is troch Buro Klei – fergees beskikber te meitsjen. De app is mei de stekwurden 'Verne Frysk' te finen yn App Store en Google Play. Ferskate kulturele fûnsen mar benammen ek de Bibliotheek Service Fryslân en de provinsje Fryslân ha it projekt mei mooglik makke. Lês ek: Redmond O’Hanlon ideale gast bij presentatie Friese strip over wereldreiziger ------------------------------------------ De Friese app 'In wrâldreis yn 80 dagen' is online beschikbaar. De app bevat de digitale versie van het Friese stripboek met dezelfde titel, een bewerking van Jules Vernes beroemde 18e-eeuwse reisverhaal. De Groninger/Friese uitgever Regaad bracht het stripboek afgelopen zomer uit; binnen een maand was de strip al toe aan een tweede druk. Natuurlijk is de app veel uitgebreider dan het stripboek kon zijn: geluidseffecten, animatie, een elektronische versie van de roman zelf (in Friese vertaling) en meer dan 40 zogenaamde ’infopunten’. Deze infopunten bevatten allerhande achtergrondinformatie en meertalige url’s over de wereld anno 1872 – het jaar waarin de fictieve wereldreis fan de gentleman Phileas Fogg en zijn knecht Passepartout plaatsvond. In samenwerking met een geschiedenisdocent van CSG Liudger Burgum heeft Regaad een digitaal lespakket bij de app ontwikkeld. Daarmee wil de uitgever een nieuw en geheel digitaal onderwijsmiddel bieden voor het meertalig voortgezet geschiedenis- en aardrijkskundeonderwijs, en natuurlijk voor de lessen Fries. Anders dan aanvankelijk de bedoeling was is besloten om de app – in opdracht van de uitgever vervaardigd door Buro Klei – gratis beschikbaar te stellen. De app is met de zoektermen 'Verne Frysk' te vinden in App Store en GooglePlay. Verscheidene culturele fondsen maar vooral ook de Bibliotheek Service Fryslân en de provincie Fryslân hebben het project mede mogelijk gemaakt. Lees ook: Redmond O’Hanlon ideale gast bij presentatie Friese strip over wereldreiziger  

Auteur

Fokke Wester