In briedplak foar liturgyske ynspiraasje

Wâldsein

“In briedplak foar liturgyske ynspiraasje?” Under dy kop stjoerde Hindrik van der Meer op 5 jannewaris 2005 in brief de wrâld yn. Yn dat brief merkt er op dat de belangstelling foar de earetsjinst ek yn Fryslân ôfnimt, mar dat der tagelyk wol in soad belangstelling bestiet foar téology.

Hy frege him dêrom ôf oft der yn de tsjerken net ferlet wêze soe fan nije, oars formulearre en frysktalige liturgy. Wat dat oanbelanget hie er al ûnderfining opdien mei teksten fan Eppie Dam. Tegearre makken hja al sûnt 1993 hollânsktalige lieten foar lanlike byienkomsten yn Amersfoort. (Unie voor Christelijk onderwijs). Sadwaande klonken lieten as “Eén zwaluw maakt zomer” yn it hiele lân, sawol yn tsjerken as yn skoallen. Ek yn it Jaarbeursgebouw yn Utrecht op de lanlike diakonale dagen klonken harren lieten. Sa namen de diakenen bygelyks it liet “Vijf broden en twee vissen, de oogst is mondjesmaat,” mei nei hûs.

Soe der, sa tocht Van der Meer, yn Fryslân net in soarte fan briedplak komme kinne foar nij en ynspirearjend frysktalich materiaal? Om dêr út wei it wurk fan Fryske dichters en komponisten bekend te meitsjen? Syn brief fan 5 jannewaris 2005 wie dan ek in oprop oan sjongers om in fêst koar te foarmjen dat ek yn lytsere groepkes – in kwartet soe al kinne - meiwurkje koe oan Frysktalige tsjerketsjinsten.

Dy oprop sloech tige oan en sa ûntstie it Kwartettekoar op in sneintemiddei by de famylje Van der Meer thús. Sûnt dy tiid – it koar hat no hast hûndert leden – is der oan withoefolle tsjerketsjinsten meiwurke. It koar wie dan ûnderweis mei ien fan de fiif liturgyën fan Eppie Dam en Hindrik van der Meer. Foarbylden binne “De keunst fan it libben” en “Minsken fan’e dei”. Harren liturgyën waarden ek troch tsjerkekoaren op it rippertwaar nommen. De measte lieten fan it Kwartettekoar binne fan boppeneamd koppel, mar ek lieten fan oare tekstdichters en komponisten waarden yntrodusearre. Ek twa musicals “Jona” en “Ruth” waarden útfierd op teksten fan Folkert Verbeek en muzyk fan Van der Meer. Om’t twa leden - Jan Hoogterp en Teake Posthuma – ek dirigent binne, koe der ek yn lytsere groepen wurke wurde. Bytiden wiene der trije groepen dwaande op deselde sneintemoarn.

Hindrik van der Meer (1938) hinget de harpe net oan de wylgen, mar fynt wol dat er sa njonkelytsen in stapke tebek dwaan moat. It bestjoer fan it Kwartettekoar kaam lykwols op it idee Hindrik net mei de stille trom gean te litten. Hja stelden him noch in soarte fan ôfskiedstoernee foar nei al dy tsjerken dy’t de ôfrûne jierren besite hân ha fan it Kwartettekoar. De tsjerken koene har oanmelde en de teller op goed fjirtich. Ek ús gemeente komme de sjongers en de muzikanten. Fan septimber ôf is it Kwartettekoar twa kear yn’e moanne sneintemoarns op’en paad. Yn de gruttere tsjerken mei it hiele koar, yn de lytsere mei lytse delegaasjes. Der binne twa tema’s foar de sjongtsjinsten: 1“t Goede is sterker as’t kweade” en 2 ‘Dat it paad op dy takomt”

Under dy beide tema’s komt it koar mei in grutte rige fan lieten fan net allinne dichters as bygelyks Eppie Dam en Fedde Schurer, mar wurdt ek oandacht jûn oan lieten út Taizé en Iona, wurde der bernelieten songen en klinke lieten út it nije Lieteboek. Dat it koar oprjochte is om de gemeenten ek mei dit nije rippertwaar oan it sjongen te krijen, sil tige te merken wêze.

Der sit in liturgyske opbou yn de sjongtsjinsten sûnder dûmny. De preek sit yn de lieten. De begelieding wurdt fersoarge troch de muzikanten fan it Kwartettekoar. Hindrik hat de algehiele lieding. De kommende “toernee” is tagelyk in appel oan tsjerklik Fryslân om de rykdom fan meartaligens te fieren op de sneintemoarn. “Lit dyn eigen taal net swije, eltse taal kin sprekken lije!” is it motto fan Hindrik van der Meer. De earste kear is op 9 septimber yn Wâldsein, op 23 septimber is It Kwartettekoar yn Wurdum. Jo binne fan herte wolkom.

Sjoch foar ynformaasje ek www.itkwartettekoar.nl