Hindrik van der Meer nimt ôfskie fan Balk

BALK

Sûnt 1965 is Hindrik al dwaande mei de fryske taal en nije fryske lieten. Wa kin net it bernelietsje “Hup sûpen groattenbrij…..“ en “De bistenboel fan omke Roel ………….” Hindrik wie dèrbij belutsen. Letter sette hij 15 jier lang literaire busreizen op priemmen, tegearre mei syn frou Beitske.

Soe der, sa tocht Van der Meer, yn Fryslân net in soarte fan briedplak komme kinne foar nij en ynspirearjend frysktalich material en dy bekind te meitsjen? Hindrik die in oprop oan sjongers om in fêst koar te foarmjen dat ek yn lytsere groepkes meiwurkje koe oan Frysktalige tsjerketsjinsten. Dat it koar oprjochte is om de gemeenten oan it sjongen te krijen, sil tige te merken wêze. De ôfskietsjinst(en) is tagelyk in appel oan tsjerklik Fryslân om de rykdom fan meartaligens te fieren op de sneintemoarn. Hindrik sette fierders ek nog útein mei de musicals “Joazef masterdreamer”; “Jona” en “Ruth”; mar ek lieten fan oare tekstdichters en komponisten waarden yntrodusearre. Letter kamen de bondels “De keunst fan it libben” en “Minsken fan’e dei”. Hindrik van der Meer (1938) nimt ôfskie en it bestjoer stelde him foar noch in soarte fan ôfskiedstoernee te meitsjen nei al dy tsjerken dy’t de ôfrûne jierren besite hân ha fan Hindrik en syn Kwartettekoar.

Mei in fèst tema komt it koar mei in grutte rige fan lieten fan net allinne dichters as Eppie Dam en Fedde Schurer, mar wurdt ek oandacht jûn oan lieten út Taizé en Iona, wurde der bernelieten songen en klinke lieten út it nije Lieteboek. Der sit in liturgyske opbou yn de sjongtsjinsten, mar de preek sit yn de lieten..

“As d’r in methode socht wurd om literatuer, musyk, keunst en kultuer bij de minsken te bringen, dan is dat de methode Hindrik. Sa beskriuwt Gerben Gerbrandy as âld foarsitter fan it Aukje Roukes kroechkoar, Hindrik syn rol bij dit koar. “Lit dyn eigen taal net swije, eltse taal kin sprekken lije!” is it motto fan Hindrik.

Hindrik nimt ôfskie fan Balk yn de moarnstsjinst op 21 oktober yn de Paadwizer.