FNP: Grutte soargen oer sânwinning Iselmar by Gaasterlân

MIRNS

De FNP-steatefraksje hat fan ferskate kanten fernommen dat der grutte soargen binne oer de plande sânwinning by Gaasterlân.

It giet om sânwinning foar de doer fan 30 jier en it soe plak fine op 5,5 kilometer út de Fryske kust by Gaasterlân. Omdat de FNP fraksje dizze soargen dielt hat sy hjirop skriftlike fragen steld oan Deputearre Steaten fan Fryslân.

Ljocht- en lûdshinder

Sa binne der yn Gaasterlân grutte soargen oer ljocht- en lûdshinder fan de plande ynstallaasje foar de kust. Yn hoefier falle dy saken ûnder de fergunningferliening en hoefier is de sânwinning ûnomkearber? Wat kin der, yn oerlis mei it bedriuw, (noch) dien wurde om oerlêst fan lûd en ljocht safolle mooglik te beheinen (mocht de sânwinning al trochgean)? De FNP freget him ôf oft sa’n grutte romtlike yngreep op it provinsjehûs los beoardiele wurdt of dat ek oare grutte ûntwikkelings yn en om de Iselmar meinommen wurde. Tink oan de útwreiding fan fleanfjild Lelystêd en de oanlis fan grutte wynmoleparken. Der liket sprake fan in optelsom fan effekten.

Toerisme en wengenot

Fierder makket de FNP him grutte soargen oer de gefolgen foar it toerisme en it wengenot yn Gaasterlân. Wat docht de sânwinning bygelyks mei it besikersoantal yn it toeristyske Gaasterlân? De FNP Steatefraksje freget Deputearre Steaten oft hja witte oft dit goed útsocht is. De FNP wol ek witte oft der ek sprake fan in soarte fan fûns om krekt te ynvestearjen yn it gebiet, om mooglik negative effekten foar de omwenjenden en toeristyske sektor te kompinsearjen (te beteljen troch it sânwinbedriuw)? Sa ja, yn hoefier stean de opbringsten fan sa’n bydrage yn ferhâlding ta de mooglik negative effekten fan de sânwinning?

Skea beheine

Mocht de sânwinning al troch gean dan freget de FNP oan Deputearre Steaten om yn oerlis te gean mei it bedriuw Smals om mooglike skea, oerlêst en oare negative effekten safolle mooglik te beheinen.