‘Hoe’t de Rie ferrifele wurdt’

OUDEMIRDUM

‘Us gemeente en alle belutsenen wurde ferrifele.’ Dit zegt Baukje Miedema, Aksjegroep Murns

“Ik heb er alle vertrouwen in dat ze (Smals) met goede oplossingen komen” seit wethâlder Bonnema yn 2011 yn in folder oer de sânwinning, “uitdagingen maken immers vindingrijk”. Ja, Smals is yndie vindingrijk, mar meskien net hielendal op de wize sa’t Bonnema dat graach hân hie. Want wat yn it hiele proses bart, is dat ús gemeente en alle belutsenen ferrifele wurde.

Belangen fûgels net genôch behartige

Lit ús in lyts foarbyldsje pakke om te sjen hoe’t dat yn de praktyk giet. Der is in kommisje, dy’t oan de hân fan de Milieu Effect Rapportage (MER) beoardielet oft it milieu net tefolle skea oprint. Dy kommisje fûn yn 2015 dat de de belangen fan de fûgels net genôch behartige wurde. Der komme in hiel soad faarbewegingen bij, fanwege de ôffier fan it sân. Dat sil benammen skealik wêze foar de fûgels dy’t bij donker ite. It adfys fan dy kommisje (de Cie-m.e.r) is dan ek: “uitsluiten van scheepvaartbewegingen van de schepen die zand afvoeren tussen zonsondergang en – opgang”

“Smals heeft het voorstel van de Cie-m.e.r. overgenomen” stiet dan grutsk yn de folgjende MER op side 124. Lês ris mei hoe’t se dat dan dogge.

Fûgels de hiele simmer nachts fersteurd

Punt 1. “De zandwinning vindt gedurende 16 uur per dag plaats als deze volledig operationeel is”. En simmers bliuwt it dy hiele 16 oeren ljocht, aldus Smals. Dus simmers kin Smals farre. De simmer duorret bij Smals wat langer as bij ús, in heal jier nammentlik, fan maaie oant en mei oktober. Behalve dat dy simmer frij lang is, wurkje se net 16 oeren deis mar 24 oeren. De fûgels wurde dus hjirtroch yn alle gefallen al de hiele simmer nachts fersteurd.

Punt 2. “Op basis van het voorkomen van de ’s nachts foeragerende kuifeenden en toppers”, sa giet Smals fierder, mei - let op - allinnich de Kuifeend en de Topper. De cie MER neamde ek de Tafeleend en de Fuut. Dy bin no fierder yn dit ferhaal en dan tink ek op de Iselmar bûten byld rekke.

Punt 3: Mei de Kuifeend hoecht net rekken hâlden te wurden, neffens Smals, dy sit op in oar plak. Mar de Topper fourazjeert dêr wol en benammen yn maart en april. It bedriuw wol de Topper hoedzje en noedzje en giet dus safier dat se dan yn dy moannen net fare bij donker!

Toppers in het IJsselmeergebied

Dat de toppers hjir allinnich yn maart en april wêze soenen is net wier. Sofon, de Nederlânske feriening foar fûgelûndersyk en fûgeltelling, seit oer de Toppers: “In de zomermaanden verblijven kleine aantallen in vooral het IJsselmeergebied. Veel grotere aantallen zijn aanwezig tussen oktober en maart, vooral midden in de winter. Ze houden zich voor het overgrote deel op in het IJsselmeergebied, tenzij dit door strenge vorst dichtvriest.” Lêze jim hjir wat oer maart en april?

Geniaal dizze taktyk. Earst sizze dat je it adfys oernimme, en dan fia drochriddenaasjes mar 2 moanne fan it jier oerhâlde. Sa reitsje wij dus ús fûgels kwyt.

Bonnema fertroude yn 2011 op de goeie bedoelingen en plannen fan Smals, en de hjoeddeistige B&W fertrout dêr noch hieltiten op. Minsken, wês no wizer. Der binne tefolle feiten fan allerhande kanten oandroegen dêr’t út blykt dat it net kin. Boppesteande is mar ien foarbyldsje. In bedriuw is út op winst, en dat is logysk, mar lit in yndustrieel bedriuw asjeblyft net los yn ús Iselmar. Ek net yn tsjinst fan de foarútgong. Want in yndustrieel bedriuw yn in natoergebiet, hoe moai at it ek trakteard wurdt, dat liedt ta grutte skea foar de natoer en de omwenjenden en de rekreaasje.

‘Litte wij no net mei syn allen yn de praatsjes fan in grutte yndustriële sânwinner traapje: stim NEE,’ stelt Baukje Miedema, Aksjegroep Murns.