Time Machine Súdwest-Fryslân/Harns kompletearret Fryske stêden

HARNS - De Time Machine fan HisGIS (www.hisgis.nl) wurdt oanfolle mei de stêden Boalsert, Harns, Hylpen, Drylts, Starum en Warkum. Fan Harns en de stêden út de súdwesthoeke fan Fryslân komt der dan in soad ynformaasje beskikber út it tiidrek ca. 1600-1900 oer huzen en harren bewenners op digitale histoaryske kaarten.

De offisjele lansearring fan de website Time Machine Súdwest-Fryslân/Harns is op tiisdei 28 maaie om 20.00 oere yn it Pottebakkershûs te Warkum (ûntfangst om 19.30 oere yn Museum Warkums Erfskip).

Alle Fryske stêden

Mei de lansearring fan de Time Machine Súdwest-Fryslân/Harns steane alle Fryske stêden en de flekken Balk en De Jouwer yn de Time Machine. De Time Machine is in ûnderdiel fan Redbot, it digitalisearringsprogramma foar kultureel erfgoed fan de provinsje Fryslân. Ferskate gegevens oer persoanen en perselen binne sammele út âlde belestingregisters, folkstellings, befolkingsadministraasjes en it kadaster. Dêrnei binne de data oan in lokaasje op histoaryske kaarten ferbûn. Troch in hûs of perseel op de kaart oan te klikken ferskine alle gegevens tagelyk yn byld. Projektlieder Hans Mol: “Lange en omslachtige syktochten hearre aanst ta it ferline. It finen fan ynformaasje oer minsken, mar ek oer har berop, fermogen, leauwe en berteplak is no folle makliker.

Lokale frijwilligers

Yn oparbeidzjen mei lokale frijwilligers is der oan de Time Machine wurke. Yn Warkum hawwe Gerrit Twijnstra en Peter Tolsma, fan de feriening Warkums Erfskip, yn ’e mande mei tsientallen frijwilligers, nammen oernommen út de Warkumse hûs- en wenregisters oer in tiidrek fan goed twa iuwen. Ek hawwe sy histoaryske hûsnûmers oaninoar ferbûn en lokalisearre. De gegevens fan Harns komme by Stefan Elsinga wei, dy’t al jierren de histoaryske website www.kleinekerkstraat.nl ûnderhâldt. Fan Boalsert binne data opnommen dy’t yn de njoggentiger jierren samle is troch Stichting Bolswards Historie. De Staverske gegevens binne fan de Studiegroep Oud Stavoren, dy’t dit yn 2005 al publisearre. De Fryske Akademy hat eigen ynformaasje fan it kadaster fan 1832 en de wersjenning fan 1887 tafoege, lyk as soarchdroegen foar de stêden Hylpen en Drylts.

Oanmelde

By de lansearring fan de Time Machine sille de frijwilligers fan Warkums Erfskip en Boalsert fertelle oer hoe’t se de gegevens sammele hawwe. Hans Mol en Mark Raat fan de Fryske Akademy jouwe mear ynformaasje oer it projekt en oer hoe’t de Time Machine wurket. Wa’t oanwêzich wêze wol by de presintaasje yn Warkum op 28 maaie, is fan herten wolkom. Graach yn it foar efkes oanmelde by Adriana Kaspers: baly@fryske-akademy.nl

Screenshot Time Machine Sudwest-Fryslan – Warkum