Boargemaster kaam te foarlêzen

BAKHUZEN Freed 7 juny kaam Boargemaster Fred Veenstra te foarlêzen op pjutteboartersplak de Peuterhof te Bakhuzen. Om 10 oere sieten de bern en de juffers fol ferwachting klear. De boargemaster hie in spannend kofferke mei. ….. Ut it kofferke kaam de echte grutte boargemastersketting. Boargemaster Veenstra die de ketting om; prachtich! En wat hie er noch mear mei? Ien fan de peuters wist it: in i-pad.

Foar ’t de boargemaster begûn te foarlêzen, songen de bern foar him it Tomkeferske. Tomke is in mantsje dat mei syn hûntsje Romke, it buorfamke Yana Yu en Kornelia de Kangeroe in soad aventoeren belibbet. De boargemaster lies twa ferhaaltsjes foar út it nije Tomkeboekje.

It earste ferhaaltsje gie oer buorman Piter, dy ‘t no yn it fersoargingshûs wennet. Tomke gie by him op besite en naam syn i-pad mei. En ja…. Wat barde der doe? Dat kinne jo lêze yn dat nije Tomke-boekje. Mei de boargemaster beseagen de bern it boekje en praten meiïnoar oer de ferhaaltsjes en de fertelplaten. Doe wie it tiid foar it fruit-iten. De boargemaster en de juffers krigen in bakje kofje.

Atsje Boersma-van der Veen