Duofyts foar duodoarpen Nijemardum en Sondel

NIJEMARDUM Ofrûne freed waard der yn Nijemardum en yn Sondel de duofyts presintearre. Elk jier, op âldjiersdei, bakt de famylje Pietersma oaljekoeken foar in goed doel. Dit jier hiene sy betocht om in duofyts oan te skaffen foar de beide doarpen.

Fansels hiene sy net genôch oan de opbringst fan de oaljekoeken; dêrom ha sy subsydzje oanfrege by de gemeente De Fryske Marren, Iepen Mienskipsfûns en by TVM. Doe kamen sy al aardich yn de rjochting.

‘Gelokkich kamen der ek noch in soad pleatslike sponsors by en Mous Tweewielers, dy’ t de fyts levere, joech ek noch in fikse koarting en stiet garant foar in goede service. Wat in rykdom om no sa’n prachtiche fyts yn ús besit te ha. It earste jier kinne de minsken der fergees gebrûk fan meitsje. Dêrnei sil der in lytse fergoeding frege wurde. Wy hoopje dat der dizze simmer in soad brûkt wurde sil.’