Bewenners fan Skarl

SKARL Dizze foto komt bij de femylje de Roos wei. It binne allegear bewenners fan Skarl. Yn’e oarloch ha se doe mei syn allen in dei nei Riis ta west, mei de hynder en wein.

Te sjen is dat Piter Dijkstra in grutte tas bij him hat, dêr sitte alle broadjes yn. Nanke Visser-de Roos wist noch dat har broer Henk - dy’t letter straaljagerpiloat wurden is - earst net mei woe mar letter noch op ‘e fyts oansetten kommen is.