Presintaasje fan it boek ‘Blikbuert’

WARKUM Op freed 4 oktober 16.00 oere is de presintaasje fan de Fryske oersetting fan it ferneamde boek ‘Cannery Row’ fan Nobelpriis winner John Steinbeck (1902-1968). It boek ferkynde yn 1945, is yn ferskate talen oerset en wurdt no mei as titel Blikbuert yn it Frysk útjûn by Utjouwerij DeRyp fan de Gerben Rypma Stifting.

De oersetting is skreaun troch Jan Pieter Dijkstra fan Warkum dy’t him al jierren dwaande hâldt mei it skriuwen fan stikken en poëzij en it redigearjen fan teksten.

It earste eksimplaar fan Blikbuert sil freedtemiddei oanbean wurde oan in echte John Steinbeck - kenner auteur Geert Mak.

Op de efterflap fan it boek lêze we: Yn de rook en it rûzige libben fan Monterey, Kalifornië, is Blikbuert in kleurrike mjuks fan gokkers, wielderige froulju, sûplappen, skarlunen, omstippers en keunstners dy’t mei elkoar besykje te oerlibjen en troch de tiid te skarreljen.

Plak fan hanneljen: freed 4 oktober 16.00 oere yn it tsjerkje fan Brânbuorren yn it Heidenskip.

Eltsenien is fan herte wolkom by dizze útrikking presintaasje, graach oanmelde fia gerbenrypma@home.nl