Wat giet goed en wat kin better yn Súdwest-Fryslân

MOLKWAR FNP Súdwest-Fryslân organisearret ynrinjûnen mei as titel ‘Op e kofje by’, mei as doel te hearen: ‘wat giet goed en wat kin better yn Súdwest-Fryslân’?

De earstfolgjende is moandei 28 oktober jûns 19.30 oere yn de Doarpskeamer fan Molkwar. Bedoeld foar ynwenners, ferieningen en ynstellingen rûnom Molkwar. Fan Hylpen oant Himmelum en fan Warkum oant Warns. Fraksjefoarsitter Corrie Bergstra: “We folgje ûntwikkelingen binnen de gemeente Súdwest-Fryslân aktyf, mar heare ek graach fan de minsken wat der mear spilet”.

Elkenien is moandei wolkom foar fragen en opmerkingen. It kin oeral oer gean, sa as lânbou, kultuer, skoallen, sport, wmo, ferkear, toerisme, ôffal en kommunikaasje. Neffens riedslid Sicco Rypma is ien fan de meast stelde fragen út de wide omkriten fan Molkwar: hoe komt it mei ús doarpshuzen en oare foarsjenningen en wêr giet it jild fan it grutte wynpark yn de Iselmar hinne?

FNP Súdwest-Fryslân is mei 5 riedsleden goed fertsjinwurdige yn de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân en hat kontakten yn alle 89 stêden en doarpen.