Ferhalen tiidens de Winterfair yn Warkum

WARKUM Foarich jier wie de ferhalejûn yn it kader fan LF 2018 (Kulturele- Haadstêdjier) in grut sukses. Rûnom yn Fryslân wiene de meast gewoane, besûndere, niisgjirrige, ynspirearjende ferhalen te belústerjen. Ek yn Warkum foel dizze âlde 'winterjûnenocht' tradysje goed yn de smaak en smakke seker nei mear.

Dêrom binne de 4 Warkumer fertellers fan in jier lyn, ek no, wer graach fan de partij. Hille Faber fertelt it ferhaal: 'It gat yn 'e himel'. Jetske Miedema komt mei har makke ferhaal: 'Foarby de myte'. Jan Pieter Dijkstra nimt 2 ferhalen mei: 'Skeppingsmyte fan de Aboriginals' en 'Skeardersjonge' . Johan Bouwhuis nimt ús mei nei : 'Oarlochsjier Warkum'. Dit jier wurde de ferhalen yn it Pottebakkershûs op de Merk op freed 15 novimber 'serveert' fan 17.00 – 17.30 en fan 18.00 – 18.30. De tagong is fergees. Mar, sa as faak fermeld stiet, kom op tiid, want fol is fol!

Nei de ferskillende smaken fan de ferhalen kin der, foar de leafhawwers, lekker iten en neipreaun wurde yn it Pottebakkershûs. Der is in spesjaal Ferhalemenu gearstald: fegetarysk/ fisk. It is wol handich om fan te foaren hjirfoar te reservearjen. Dat kin tillefonysk: 0515- 541900 of fia de mail: ria@itpottebakkerhus.nl.