De lêste groep 8 fan de Stapstien yn Nijemardum

NIJEMARDUM Basisskoalle de Stapstien yn Nijemardum giet nei de simmer fjirder mei de basisskoalle de Terp út Sondel. Dus de lêste skoalle dei moast foar groep 8 op in bysûndere wize "fiert" wurde.

Tiisdei 30 juni om 8 oere moarns binne Ammarins vd Wal, Arjan Eppinga en Yldou Rozema fan hûs ophelle yn in echte Amerikaanse Cadillac!! Nei in rountsje trovh it doarp waarden se by de Stapstien ôfsetten wer de reade loper foar harren útrolle wie. De oare bern stiene klear om groep 8 foar it lêst op skoalle te ferwolkomjen! Ynklusyf konfetty!

Wat in prachtige ôfslúting foar de lêste groep 8 fan de Stapstien!