Duofyts oer brêge tild

NIJEMARDUM Foarich jier ha we hjir yn Nijemardum in duofyts krigen, seit Wiepkje Holtrop. Mei de opbringst fan de jierlijkse oaljekoekaksje en fansels krigen we hjir en der subsidie.s en waarden we sponsore troch lokale middenstân.

Snein wiene we ûnderweis mei de fyts nei Rutten wer we in feestje hienen. Myn mem (88) neist mij.. Komme we by de hege brêge op de Lemmer, wolle de slagbeamen net omheech. Rijen auto’s steane der foar..Fytsers lûkten hun fyts der skeef ûnder troch. Mar de duofyts is dan krekt te heech en swier.

Gelokkich fytsten 2 broers en in neef mei ùs op. De duofyts moast der oerhinne tild wurde, gelokkich binne der dan altyd minsken dy helpe wolle. Oer 2 slagbeamen waard de fyts hinne tild, mar toen myn mem noch. Net sa linich mear, mar gelokkich waard dy mei behelp fan hiele freonlike minsken der ek ûnder troch holpen. Sa kamen we iets letter oan op it feestje yn de polder.