Ingezonden: Dochs stjonkerij yn Himmelum?

KOUDUM Doeke Kuipers uit Koudum schrijft een ingezonden brief over de ‘stjonkerij yn Himmelum’.

Hij schrijft: „It Riedsbeslút yn 2019 oer de “krûdenbargen” wie nipt..... mar wol hiel dúdlik: it útstel om de bargebuorkerij hast te verdubeljen nei 8600 wie fan de baan, it bestimmingsplan koe de ôffalamer yn. De Himmelumers koene hja wer efkes deljaan. Op it doe yntsjinne beswier, fûn de Ried fan Steaten dat de ôfwizing net goed ûnderbout wie. Dat moast dúdlik oars en better? Ik soe dan tinke: de riedsgriffier hat fest goede “oantekeningen” fan de diskusjes makke! Kolleezje fan SWF, fier dat no gewoan út, dan is it foar altyd klear en dúdlik......!! Skynber wol it kolleezje dat domwei net dwaan........hja wolle de gemeenteried opnij, oer it al fersmieten plan, in nij beslút nimme litte. Dit is, neffens my, op syn minst arrogant en alhiel ûngebrûklik! De Ried, it heechste orgaan, hat hjir net om frege, it kolleezje moat gewoan it beslút sa goed as mooglik útfiere litte! De ekstra ynstelde advizen bringe neat nijs en oars nei foaren: ek de GGD twivelet sterk oan de stjonknoarmen fan no en letter. Wer’t earder de FNP harren wethâlder, terjochte, werom luts, docht no de foarsitter fan de koälysjepartij Grien Links (Kervel) it wol hiel nuver: Dizze partij wie en bliuwt POER TSJIN de útwreiding...... en dochs kriget de Grien(s)linkse wethâlder Faber de kâns om “it eardere kolleezje stânpunt” te ferdizigjen!! Dit is net earlik en stjonkt oan alle kanten ....... is poer foar de “bûne”?? Ik mei hoopje dat de gemeenteried net “troch de bocht” giet en dúdlik sjen lit dat dit beslút hiel serieus nommen is, dêr meie de ynwenners fan Himmelum dochs wis op rekkenje?”

Doeke Kuipers út Koudum