Terugblik volleybaltoernooi Nijemirdum

Het jaarlijkse volleybaltoernooi in Nijemirdum is afgelopen week weer gehouden. Hieronder een door Coby Hospes aangeleverd verslag.

Troch de Koroana koe it jierlikse toernoai foarich jier net trochgean en ek yn it foarjier wie it noch net fertroud om mei elkoar te sporten mar doe’ t sa stadichoan steeds mear mooglik waard, ha wy spikers mei koppen slein en twa jûnen fêstlein yn septimber. Wy koene 8 teams gearstalle en dy krigen alle 8 in firus as namme; wol sa tapaslik.

Op de earste jûn die al bliken dat der in soad spilers wol op papier mar net op it fjild stiene. Dat is bale fansels want sa dreech is it net om dy ôf te melden. Gelokkich waard it tekoart oan spilers gau oplost en sadwaande seachst wol gau ris deselde spilers yn it fjild stean.

It waar wurke mei en ek it fjild waard goedkard; foar it earst op it feestterrein oan de Master Bodestrjitte. It publyk dat tiisdeis noch boppe it sket út tsjûge wie fan de geweldige aksjes, doarst op freed al neist it fjild te stean.

It oare jier steane se fêst yn it fjild. En sy wiene net de iennichsten. In soad doarpsgenoaten wisten it paad nei it feestterrein te finen, sawol jong as âld koe genietsje fan de ynspanningen fan de spilers en soms lange rally’s. Der skeat ek wolris in bal de ferkearde kant út; by de oaren yn it fjild of rjochting publyk.

Gelokkich leine de jongste Nijemardumers feilich yn de bernewein, oaren wiene minder gelokkich mar fan blessures wie gjin sprake. De hûn fan ien fan de bewenners soarge wol foar in grappige situaasje. Hy skeat it fjild yn en gie blaffend efter de bal oan. Dus gjin bal yn it fjild mar in hûn yn it fjild.

Krekt foardat it tsjuster waard, wie it toernoai dien. De punten waarden opteld en yn it Doarpshûs wêr’ t is al drok wie, koe om 21.30 oere de priisútrikking plak fine.

De poedelpriis, in doaske paracetamol, wie foar it team mei de dreechste namme, de Varicellazostervirussen.
De tredde priis, in ketting mei 4 rollen húskepapier, wie foar de HPV’s.
De twadde priis, in flakon handgel, wie foar de Corona’s en de winner fan dit toernoai wiene de Norovirussen. Sy giene nei hûs mei in lekkere ananas mei in mûlekapke foar. 
De tredde helte waard let; de strategy foar de folgjende kear waard fêst al yn kaart brocht. No mar hoopje dat der in ferslach fan makke is.