‘Tropysk’ Nijemardumer volleybaltoernoai

NIJEMARDUM - Under tropyske omstannichheden waard op tiisdei 3 en freed 6 july alwer foar de 20 ste kear it Nijemardumer volleybaltoernoai organisearre. Eigentlik hie der in bak sân op it fjildsje goait wurde moatten om yn de tropyske sfear te bliuwen mar dat koe de brúne net lûke. ‘Wy binne altyd tige bliid mei it gersfjildsje fan de famylje Eppinga. En dan kin it wêze dat it hjir en dêr dochs aardich ûnflak is trochdat der ek wolris kij op rinne. Gelokkich binne der gjin slimme ûngemakken foarfallen sa as bygelyks ferklofte angels of ferdraaide knibbels.’

‘Der stiet net foar neat by dat meidwaan op eigen risiko is. Dat jildt ek foar de skiedsrjochters en tellers want inkelde spilers binne sa fanatyk en sjogge op noch om en ha mar ien doel, de bal moat nei de oare kant! Wa’t dan yn it paad stiet, hat pech. Mar der wiene ek spilers dy’ t harren der minder drok om makken en ûnder it spyljen sels harren telefoan checkten!’

âldste spiler

‘Wy moasten it dwaan sûnder ús trouwe fan mar dy hie har keurig ôfmelden. Gelokkich wie ús âldste spiler wol wer fan de party, Dirk Jan, dik 70 jier mar hy is noch sa linich as ilestyk en hat in kondysje wêr’ t in soad minsken jaloersk op binne. De teams hiene dizze kear skelnammen fan doarpen yn Fryslân. Dit, en noch wat oare saken, soarge by it útrekkenjen fan de punten foar in flinke fertraging. Gelokkich wie der in fuotbalwedstriid foar de telefyzje sadat de spilers hjir net safolle hinder fan ûnderfûn ha.

Warkumer brijbekken en Starumer ribbeklauwers

De Warkumer brijbekken binne as lêste einige mei 4 punten en giene nei hûs mei de poedelpriis; dit kear gjin sipels mar in lekkere keallepoat. Hiene sy dy mar hân ûnder de wedstriid dan hiene se fêst mear grip hân. Op it 8ste plak: de Kollumer katten, ek mei 4 punten. De Frjentsjerter klokkedieven waarden 7 de mei 9 punten en nûmer 6: de Warnser skieppelotten mei 10 punten. De Jouster keallepoatten hiene 12 punten en hiene de 5 de priis en mei 13 punten waarden de Harnser tobbedûnsers 4de.De tredde priis, moaie Fryske sokken, wie foar de Dryltser kypmantsjes mei 14 punten.

De Starumer ribbeklauwers hiene 18 punten en waarden dêrmei twadde; foar harren wie der foar elk in pûdsje Fryske dúmkes. Winner fan dit toernoai, mei 21 punten, de Lemster bokkings; behalve de beker giene sy nei hûs mei in lekkere drûge woarst.