Muzykteater “de Brulloft” yn it Heidenskip

IT HEIDENSKIP - Al in pear moanne binne mei grut enthousiasme in soad Heidenskipsters dwaande mei it muzykspektakel “de Brulloft”.

Lyk as de foarige stikken fan toanielferieniging “Yn it oare fel” sorget de feriening foar toaniel en moaie muzyk mei sang fan Jitske Drayer. Boppedat spilet it stik dizze kear op in wol hiel unike lokaasje namentlik, op in plak oan ‘e Fluessen der’t je gewoanwei net komme kinne. Mei skitterend útsicht op de Fluessen kinne je genietsje fan it ferhaal oer de Brulloft fan Boris en syn leave Alisa. It publyk is te gast op dit troufeest wer’t fan alles bard wat no en dan tot hylarische taferelen lied.

Wa ‘t mei genietsje wol fan dit prachtige muzykteater is noch wolkom op freed 1 juny om 19.30 en sneintemidzje 3 juny om 14.30. Kaarten binne te bestellen op: toneelitheidenskip@hotmail.com. en kostje € 10.- per stik. It startplak is doarpshús It Swaeigat.