Dichtbondel ‘famke fan snie’ fan Paul van Dijk

WARKUM - Wat dochst as al dyn sekerheden fan dy ôfpakt wurde? Wat dochst ast dyn dochter kwyt rekkest?

Warkumer Paul van Dijk siket yn syn debútbondel ‘Famke fan snie’ yn gedichten nei antwurden. Hy skriuwt oer frustraasje, it gemis en it spanningsfjild fan oanwêzichheid en ôfwêzichheid, mar ek oer Warkum, keunst, de see, de bosk en muzyk. ‘Famke fan snie’ is it debút fan Paul van Dijk as dichter. Earder skreau er berneboeken, teaterstikken en kollums (û.o. foar Heit&mem en kultureel tiidskrift de Moanne). Op 25 septimber sil de presintaasje plakfine. Om 15.00 oere, Hoek van de Stal, Súd 154, Warkum.

De middei sil in cross-over wurde fan muzyk en gedichten. Spesjaal foar dizze middei binne der komposysjes skreaun en sille de konneksjes tusken muzyk en fers ôftaast wurde. Meiwurking fan Jan Hoekstra (bas), Pieter Feenstra (drums), Thys Wadman (cello), Rudy Lobisch (saksofoans) en Jurjen Faber (gitaar). Jitske Draijer sil jazz sjonge.

Entree is dizze middei fergees. Kofje, tee ensafh. foar eigen rekken. De bondel ‘famke fan snie’ is fan 25 maart ôf te krijen by de measte boekwinkels en op de webside fan de útjouwer: www.afuk.nl.

Foto Marcel Hectors.