Toanielselskip 'De Trochsetters' spilet "Wa sil dat betelje?"

BALK - Op freed 9 en sneon 10 maart hâld toanielselskip 'De Trochsetters' harren jierlikse toanielopfiering yn 'e Treemter yn Balk.

Elts jier fiert toanielselskip 'De Trochsetters' yn'e betide maaitiid in toanielstik op. Sa ek dit jier, in bysûnder jier, it jier fan Kulturele Haadstêd, LF-2018. In belangryk tema fan Kulturele Haadstêd is mienskip en kreativiteit. Wy kinne konstatearje, dat wy tige by de tiid binne as toanielselskip. We spylje as Balksters foar Balksters, ús mienskip. En kreatief en orizjineel binne we as toanielselskip ek. Ús toanielselskip mei útfiering stiet dan wol net op de kalinder fan LF2018, mar soe net misstean tusken al dat kulturele geweld. Dit jier spylje wy "Wa sil dat betelje?" in komeedzje fan Carl Slotboom yn Fryske oersetting fan Abele Krist. Dit stik sil grif foar in soad hilaryske situaasjes soargje mei fansels dat stikje ekstra kreativiteit dat de minsken fan ûs ferwachtsje. Únder rezjy fan Alie van der Berg en Margré Deinum binne wy sûnt septimber drok oan it oefenjen. Tegeare ha sy d'r foar soarge dat de rollen aardich pasje by de spilers en dat it in gehiel wurden is. It dekôr is prachtich en ek dêr kinne de hege hearen fan LF2018 jaloersk op wêze. It gehiel is makke troch it toanielselkip, frijwilligers en Sjoukje Altenburg hat har skilderkeunsten efkes gean litten. En sjoch dêr, in fergees staaltsje mienskipssin. Oer it stik sels wolle we net folle kwyt, it moat in ferrassing bliuwe, mar it mei dúdlik wêze dat der in soad bard. Wy besykje d'r wer in moaie jûn fan te meitsjen foar de mienskip. Dat kin net sûnder de mienskip, taskôgers, komme jimme ek? Tagongskaarten binne te keap by Mous Tweewielers oan'e Van Swinderenstraat 45 te Balk foar €6,50 it stik. Op 'e jûn sels binne de tagongskaarten €8,00 it stik.