Snypsnaren spilet ‘Moard yn it teater’

ALDEMARDUM - Snypsnaren spylje in maart in krimi fan Harry Smits (oersetten troch Abele Krist): ‘Moard yn it teater.’ Públyk is tsjûge fan in ‘perfekte’ moard, de ‘crime scene’ en wurde se meinommen troch Hein Budde (Henk Landsheer) en syn trouwe assistinte Vera van Deurzen (Regina Witteveen) om mei op syk te gean nei de dieder. Want de grutte fraach is: Wa hat Alex Damhuis fermoarde?

Alex Damhuis, in suksesfolle ûndernimmer, is yn syn frije tiid in entûsjaste toanielspiler by de feriening Thaleia. Ek skriuwt hy sels toanielstikken dy’t de feriening dan spilet. Syn frou regissearret de stikken. Net elkenien is wiis mei Alex, hy is nochal dominant en driuwt graach syn sin troch. Boppedat is hy tige bot en misledigjend tsjin syn meispilers. De generale repetysje fan syn stik 'In perfekte moard' ferrint yn in wat ûnfreonlike sfear en by de premjêre giet it hielendal mis...

Snypsnaren spilet op: Sneon 10 maart: Premjêre, 20:00 oere, Snein 11 maart: Middeisfoarstelling, 15:00 oere, Sneon 17 maart: Lêste foarstelling, 20:00 oere

Alle foarstellings wurde spile yn MFC It Klif. De kaarten binne te krijgen by Technysk Bedriuw Bokma (Brink 5, Aldemardum).