Anda Braam wint tredde priis foardrachtskriich FeRstival

BALK - Mar leafst twa finalisten fan Csg Bogerman Balk dienen mei oan de 76e edysje fan FeRstival, de Fryske foardrachtswedstriid foar learlingen út it fuortset ûnderwiis. Yn it Posthuis Theater op It Hearrenfean makken Anda Braam en Anna Minke Rienstra yndruk mei harren foardracht fan in gedicht.

Nei wikenlange tarieding op skoalle stienen de twa Balksters ôfrûne sneon op it podium fan it Posthuis Theater. Anda Braam die mei yn de kategory ‘Starters’, foar earsteklassers. Sy droech it gedicht ‘Kastje’ fan Jurjen van der Meer prachtich foar. Mei humor en in perfekte timing. Dat fûn de sjuery ek: Anda krige de tredde priis yn dizze kategory!

Anne Minke Rienstra die mei yn de kategory ‘Trochsetters’. Sy droech it gedicht ‘Biology’ fan Berber Spliethoff hiel byldzjend en mei in soad ekspresje foar. Der dienen 33 dielnimmers oan de finale mei, op de foarkrigen kamen yn totaal 110 dielnimmers ôf.

FeRstival waard yn 1942 troch de Fryske Underwiisrie ynsteld. Doel wie om de belangstelling te befoarderjen foar poëzy, en dan benammen foar de Fryske. Boppedat fûnen de inisjators it wichtich dat learlingen ûnderfûnen hoe’t it is om op in poadium te stean. Yn al dy jierren hawwe hiel wat kandidaten meidien dy’t it letter makke hawwe op de planken. Tink oan Rients Gratama, Nynke Laverman, Tet Rozendal en Theun Plantinga.