Oaljekoeken foar Jacobien Sybranda

NIJEMARDUM - Op 30 desimber 2017 waard der wer omraak oaljekoeken bakt yn Nijemardum.

Krekt sa as oare jierren bakte de famylje Pietersma se wer brún yn it Hok achter de âlde slachterij. Se bakten dit jier foar in famke út de Hommerts. Jacobien Sybranda hat it Rett-syndroom ,yn Nederlân binne der 250 famkes dy`t dat ha. It is in ûntwikkelingsstoarnis fan it senuwstelsel en komt allinnich by famkes foar. Jacobien kin hast net rinne en prate. Se wennet gelokkich noch wol thús , mar giet no wykeins wol ris nei Maeikehiem yn Sint Nyk. “It is in hiel fleurich famke” fertelt har mem dy’t ek efkes om oaljekoeken kaam. Se hat no krekt in spraak-kompjûter dy `t se mei de eagen bestjoere kin. Spitigernôch hat se lêste tiid in soad lêst fan epileptyske oanfallen.

De minsken fan de Oaljekoeken ha krekt by har west om de sinten te bringen. ‘We ha it noch net iens oer de opbringst hân: dy wie geweldich. In dikke 800 euro bringe we nei de Hommerts; oeps, wy moatte hast plysje-eskorte foar en efter ús ha tink.’