FNP fraksje De Fryske Marren op besite yn Balk

BALK - De FNP fraksje is nei Balk west om te sjen en mei Pleatslik Belang te praten oer de leechstan. Yn Balk meitsje se har der soargen oer. Leechstân is net goed foar de kwaliteit fan de omjouwing en de leefberens yn it doarp. Derom hat Pleatslik Belang ûndersyk dwaan litten om in byld te krijen fan de leechsteande gebouwen yn it sintrum. Op 30 maart wurdt it einrapport presintearre. Dêrnei begjint it ‘echte' wurk. De FNP konkludearret dat it in moai projekt is fan ûnderen op. 'In entûsjaste groep minsken dy't witte wat se wolle sette har skouders der ûnder. Se fertsjinje wat it FNP oanbelanget alle stipe.'