De Swalkers spilje 'mearderjierrich en folwoeksen'

BALK - Op freed 29 en sneon 30 jannewaris is de jierlikse opfiering fan it toanielstik fan Toanielselskip “de Swalkers” yn de Treemter yn Balk. Dit jier is keazen foar in stik fan Theo Akkermans mei de titel “Mearderjierrich en Folwoeksen” (Meerderjarig en Volwassen). Oersetter is Lammert Dijkstra. Under regy fan Jelly Nagelhout is fan septimber ôf hurd wurke oan it ynstudearjen fan it stik, dêr’t de persoansferwikselingen en dûbeldrollen jin om de earen fleane.

Op freedtejûn wurdt it stik yn eigen behear opfierd en op sneon is der noch in besletten útfiering op útnûging fan buertferiening “de Grienmank”. De jûn begjint om 20.00 oere. Kaarten oan de seal.

It stik

Lysbeth van der Schoot is al jierrenlang widdo en neffens har beide dochters Ans en Betty noadich ta oan in nije man. Om dat foarinoar te krijen ha beide fammen harren yn’e holle set om in houliksadvertinsje te pleatsen yn de krante. Sy wolle de kandidaten dan útnûgje om in noflik wykein te belibjen rûn de jierdei fan Lysbeth, om har sa oan de man te helpen. Mar wat fynt de ynwenjende Pake hjirfan? Is hy wol ree syn feilich plakje ôf te stean? En wat foar geheim hat Lysbeth sels eins? Sille boer Harmsen en syn net al te snoade dochter Willemien harren wat thús fiele yn de grutte stêd? En wat is de konneksje tusken Jacob Molenaar en Bertha Soethout oftewol Herr Vergessen en mynhear Hijstek? Koartsein; in soad kommoasje en twa grauwe blomkoalen.