Oaljekoeken bakke foar in duo-fyts

NIJEMARDUM - Op moandei 31 desimber waarden der, lyk as alle foargeande jierren, yn Nijemardum wer oaljekoeken bakt en ferkocht. Dit famyljebedriuwke fan de Pietersma’s is allinnich âldjiersdei aktyf en 5 leden fan dizze famylje binne dy dei yn it spier om alle pakken moal leech te krijen en om te toverjen yn hearlike oaljekoeken.

De mem fan it hele spul ( no 87jier) hat ek jierren meiholpen en soarge foar it beslach. Mei de hân makke sy fan it moal in klútfrij gehiel. Mar sûnt har soannen dizze taak fan har oernaam ha, brûke dy in boarmasine foar it swiere wurk. Om 4.45 oere wie de earste amer mei beslach klear wêrnei ‘ t der noch in soad folgje soene. In lytse 2000 bollen binne der bakt en ferkocht.

Winst

De winst giet elk jier nei in doel yn de buert of in organisaasje wêrfan de lyntsjes koart binne en wêrfan wy seker witte dat it jild op it goede plak komt. Dit jier wy it doel: ‘in duo-fyts foar in duo-doarp’. ‘Wy wolle foar de ynwenners fan Nijemardum en Sondel in duo-fyts oanskaffe om mei de minsken dy’ t net sa mobyl mear binne fytsritsjes te meitsjen. Foar de mienskip troch de mienskip, bining mei elkoar. Soargje foar minder iensumens; dat wolle wy berikke. Dizze fytsen binne djoer mar troch subsydzjes oan te freegjen hoopje wy yn 2019 ús earste ritsjes te meitsjen. De earste euro’s binne der al. Dizze oaljekoekenaksje hat, ek mei tank oan twa pleatslike ûndernimmers dy’ t ús sponsorje wolle, it moaie bedrach fan € 1257,00 opsmiten.’