FNP De Fryske Marren stimt tsjin sânwinning yn Iselmar

OUDEMARDUM - De FNP sil tsjin de sânwinning yn de Iselmar stimme yn de ried fan 13 febrewaris. De konklúzje fan de FNP-fraksje is: by twivel net ynhelje. De fraksje wol boppedat rjocht dwaan oan har útgongspunt om noed te stean foar natuer en lânskip en lústerje nei de stim fan in grut part fan ús ynwenners.

Optelsom fan effekten

Foar de FNP-fraksje is tige wichtich dat sûnt it begjin fan de plannen foar in yndustriële sânwinning foar de Gaasterlânske kust der sprake is fan in optelsom fan negative effekten yn en om de Iselmar. Tink oan útwreiding fan yndustryhavens en wynmûneparken en de ferwachte effekten fan de leechfleanrûtes fan Airport Lelystêd.

Kwetsbere kliffenkust

Sânwinning yn dizze foarm mei dan foldwaan oan de noarmen, foar de FNP-fraksje kin hjir gjin sprake wêze fan goede romtlike oardering. De FNP-fraksje wol rjocht dwaan oan har útgongspunt om noed te stean foar it lânskip en benammen dit kwetsbere Natura 2000-gebiet foar de unike kliffenkust fan Gaasterlân.

Natuer en miljeu

De gefolgen foar natuer en miljeu (fisken, fûgels, fersilting) binne foar ús as leken dreech yn te skatten. Dat de sânwinning gefolgen ha sil foar lûd, ljocht en wiidsheid is wis, dat blykt út de Milieu Effecten Rapportage (mer). Lykwols sprekke saakkundigen elkoar tsjin. Fandêr dat de FNP seit: by twivel net ynhelje.

It lêste wurd oan de ried

‘Polityk sjoen is de sânwinning net in ‘gelopen koers’; de ried fan De Fryske Marren hat wol deeglik it lêste wurd en hat wat te sizzen oer dit stik fan de Iselmar. De FNP-fraksje fielt har folkfertsjintwurdiger. Dêrom hawwe wy ek goed harke nei de stim fan in grut part fan ús belutsen ynwenners en dêr oant it petear yn de gemeenteried de tiid foar naam.’