It grutte foarlêsboek by Afûk

LJOUWERT - By útjouwerij Afûk is ferskynd: It grutte foarlêsboek mei de moaiste ferhalen, ferskes, gedichtsjes oer fan alles en noch wat: in knyn dy't de hik hat, wetterpokken, Tomke en noch folle mear.

Foar âlders dy't graach foarlêze, mar ek foar pakes en beppes, juffen en masters, mar foaral foar de bern sels. Dit boek is ûntstean nei oanlieding fan in oprop dy’t yn maart dien is (sjoch de bylage). Der is wurk ynstjoerd troch 41 yllustratoren en der binne oer de 100 (tekst)bydragen binnenkommen fan 46 skriuwers. Uteinlik binne der 54 bydragen yn it boek opnommen (ferhalen, ferskes en gedichtsjes) fan 23 skriuwers en 22 yllustratoaren.