5,8 miljoen euro jaget de Fryske natuer oan

LJOUWERT - Foar partikulier natuerbehear komt mear each troch in subsydzje fan rom 5,8 miljoen euro dy’t beskikber steld wurdt troch de provinsje Fryslân.

Dit jild kin ynsetten wurde foar grûnen dy’t in natuerfunksje krije. Mar ek foar grûnen dy’t al in natuerfunksje ha en in kwaliteitsympuls nedich ha. As gefolch fan de besúnigings fan it Ryk op it budget foar it lânlik gebiet, binne der in tal knipepunten op it mêd fan partikulier natuerbehear ûntstien. Yn de subsidzjeregeling kwaliteitsympuls natuer en lânskip wurdt jild frijmakke om dizze knipepunten op te lossen. Mei de beskikbere subsydzje krijt 210 hektare in nije natuerfunksje en 95 hektare in kwaliteitsympuls. Natuerdeputearre Johannes Kramer: ,,De natuer yn Fryslân hat it dreech hân om’t der minder jild beskikber wie. Dêrom bin ik wiis mei dizze subsydzje, wêrtroch partikuliere natuerbehearders harren plannen útfiere kinne en de Fryske natuer wer oanjage wurdt”. In foarbield fan partikulier natuerbehear is bygelyks de Zomerpolder by Frentsjer. Eigners fan grûn yn dizze polder sette harren agraryske grûn stadichwei om nei natuer. Wêrtroch sy de natuerûntwikkeling in ympuls jouwe. In oar foarbield is Gaasterlân wêrfoar Bosk en Greide (feriening foar agrarysk en partikulier natuerbehear) in plan ûntwikkele ha foar de realisearring fan in natuergebiet by Sleat. Fierder sille ek grûneigners yn de de Alde Feanen, Swette/De Burd en Baarderadeel oan de slach mei partikulier natuerbehear.