Minister Plasterk tekenet taalkonvenant weryndielingsgemeenten

Leeuwarden - Yn it Provinsjehûs yn Ljouwert tekene Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes Ronald Plasterk moandei it konvenant taalbeleid mei de gemeenten dy’t opgeane yn de Friese Meren (Lemsterlân, Skarsterlân en Gaasterlân-Sleat) en Boarnsterhim, Ljouwert, It Hearrenfean en Súdwest-Fryslân. Boarnsterhim giet op yn de trije lêste gemeenten.

Foar de gemeenten tekenen harren boargemasters. Kommissaris fan de Kening John Jorritsma tekene út namme fan de provinsje Fryslân: ,,De Friezen moatte wol de mooglikheid hawwe om harren te uterjen yn de taal dy’t harren it meast oansprekt. Dit konvenant regelet dat se yn de nije gemeenten ek dy frijheid hawwe." It idee hjirefter is, dat de nij foarme gemeenten belied meitsje op it mêd fan it gebrûk fan de Fryske taal. Yn Europeesk Hânfest foar regionale talen en talen fan minderheden is opnommen dat de taalrjochten fan de boargers by gemeentlike fúzjes hanthavene wurde. De fiif gemeenten dy’t yn Súdwest-Fryslân opgiene, ûndertekenden trije jier lyn ek in konvenant. Súdwest-Fryslân tekenet op ‘e nij, om’t dizze gemeente in diel fan Boarnsterhim kriget.