Tryater spilet In moaie jûn yn Starum

Stavoren - Tryater spilet de foarstelling In moaie jûn op tiisdei 19 novimber om 20.00 oere yn De Kaap yn Starum. Kaarten binne te keap fia 0514-682350 of www.tryater.nl. 

Yn In moaie jûn fiert Annelys (37), spile troch Nynke Heeg, foar it earst sûnt har skieding Sinteklaas. Yn har âlderlik hûs, mei har heit, spile troch Joop Wittermans, en har soantsje, dy’t noch yn Sinteklaas leaut. It liket in moaie jûn te wurden: De heit sil foar Sinteklaas spylje en twa stúdzjefreonen fan Annelys, spile troch Lysbeth Welling en Wouter van Oord, komme ek gesellich lâns. Al gau docht bliken dat se alle fjouwer dwaande binne harren libben in nije rjochting te jaan. Allegear wolle se fierder of tinke se fierder te moatten. Allinne, hoe witte je dat je fierder geane en net achterút? De foarstelling is skreaun en regisearre troch Ira Judkovsakja, artistyk lieder fan Tryater. Ira beskriuwt sitewaasjes rjocht út it libben en sjocht der mei humor nei. Joop Wittermans, Nynke Heeg, Lysbeth Welling en Wouter van Oord spylje fjouwer personaazjes dy’t elk in stap sette wolle yn harren libben. It ferhaal spilet him ôf op Sinteklaasjûn. De personaazjes binne hiel werkenbere minsken. Ien ding ha se gelyk: se binne op ‘e syk nei gelok en wurdearring en ha dêrom de wil om te feroarjen. Dizze syktocht, mei alle hobbels dy't der by nommen wurde moatte, foarmet de basis foar sawol pynlik werkenbere, as hilaryske tafrelen. De foarmjouwing is fan Maria Dourron, de kostúms fan Linda Eijssen. Henk van der Kooi die it ljochtûntwerp, de muzyk is fan Laurens van der Meulen. De gedichten binne fan Peter Sijbenga en de oersetting fan Bouke Oldenhof. De rol fan soantsje Pelle wurdt ôfwikseljend spile troch Hidde Haantjes út Aldemardum, Mart Hylkema út Aldemardum, Jitze Pieter Schievink út Sumar, Jorrit van der Velde út Itens en Feike de Vries út Idaerd.