Reuny buurtferiening 'De Grintfisker' Aldemardum

Oudemirdum - Buurtferiening 'de Grintfisker' bestie yn febrewaris 25 jier. Om dit net samar foarby gean te litten is der in reuny organisearre.

Alle bewenners en âld bewenners fan de Grintfisker hiene in útnoeging krigen. Sneontemiddei om fjouwer oere stie yn it MFC ‘t Klif fan Aldemardum de kofje klear en koe de foarsitter sa’n 75 minsken wolkom hjitte. En dan komme de ferhalen wer los oer doe en no. Om healwei sânen stie it buffet klear, wat eltsenien him goed smeitsje litten hat. Om alles wer in bytsje sichtber te meitsjen draaide op’e eftergrûn in film mei bylden oer dy 25 jier. It shantykoor 'de sjongende Grintfiskers' en it jeugdkoar 'de Grintfiskjes' wiene foar dizze jûn ek wer út de lapekoer helle. En der wiene noch spontane musikale optredens fan solisten, duo’s en in moppentapper. Om elf oere jûns wie it wer tiid om op hûs oan te gean.