Paraplufoto moaiste fan 'e moanne by Blitse Flitsers

WORKUM - It ûnderwerp wer't de Blitse Flitsers foar de moanne novimber oer te set moasten wie: Kleurryk. De foto's farieerden fan in kleurige hortensia yn in pot oant in bosk fol prachtige beammen.

Dizze foto, de binnekant fan in paraplu, makke troch Els Runia, waard as moaiste keazen.