Durk Stoker listlûker FNP Súdwest Fryslân

KOUDUM/NIJLAN - Durk Stoker fan Koudum is tiisdei keazen ta listlûker foar FNP - Súdwest-Fryslân. Stoker wie earder foarsitter fan it FNP bestjoer en polityk aktyf yn Nijefurd.

Stoker is yn it deislik libben management adviseur foar ferskate bedriuwen en ynstânsjes. De leden fan FNP Súdwest-Fryslân wienen ôfrûne tiisdei massaal ôfreizge nei De Mande yn Nijlân. Stoker: ,,Minsken slute harren graach oan by de FNP, it hat net folle muoite koste om minsken út alle hoeken fan de gemeente op de list fan maksimaal 50 kandidaten te krijen”. De FNP-fraksje wurdt de kommende jierren foarme troch in miks fan bekende betûfte en nije jonge riedsleden. Op ien Durk Stoker fan Koudum, folge troch Sicco Rypma – Blauhûs, Corrie Bergstra-Veldhuis – Snits, Douwe Blom – Snits, Liskje Flapper – Burchwert, Jelle Gerbrandy – Drylts, Jikkie Ruiter-Postma – Warkum, Henk Breimer - Warns, Gieneke Jonkman-Kalsbeek – Dearsum en Klaas Visser – Snits. Sterke Man Wout Zijlstra fan Folsgeare stiet as Listtriuwer op plak 50. De folsleine list wurdt op www.fnpsudwestfryslan.nl publisearre.

Midden yn de Mienskip

Njonken de kandidatelist is tiisdei ek it FNP ferkiezingsprogram ‘FNP Midden yn de Mienskip’ behandele. Yn it foaropwurd stelt de FNP: It is de oertsjûging fan de FNP dat wy net in Nederlân yn it lyts wêze moatte, mar in Fryslân yn it grut. De ferkiezingskampanje stiet ek folslein yn it teken fan 'FNP Midden yn de Mienskip' en wurdt yn desimber op ludike wize starten. Stoker: “Ús kandidaten steane alle dagen Midden yn de Mienskip. Ik ha grut fertrouwen yn in positive ferkiezings útslach foar de FNP takom jier maart”.