Earste Keamer akkoart mei Wet gebrûk Fryske taal

DEN HAAG - De Earste Keamer is akkoart gien mei de Wet gebrûk Fryske taal. De Twadde Keamer wie earder al akkoart. Mei it oannimmen fan de wet wurdt fan rykswegen yn ‘e provinsje Fryslân it rjocht fan elkenien garandearre om yn de rjochtseal en yn it kontakt mei bestjoersorganen syn of har eigen taal, Nederlânsk of Frysk, te brûken.

De wet is in fuortsterking fan de mooglikheden foar it brûken fan de Fryske taal yn it rjochtsferkear en it bestjoerlik ferkear. Deputearre Jannewietske de Vries: ,,Dizze wet is in boarch foar de gelikense posysje fan de Fryske en de Nederlânske taal yn Fryslân.”

Frysk by de rjochtbank

De wet regelet ûnder mear it brûken fan it Frysk yn it rjochtsferkear. Der steane bygelyks oanfoljende bepalingen yn foar de eed en it ûnthjit yn it Frysk by de rjochtbank. Fierder seit de Wet gebrûk Fryske taal ek dat in telastelegging ek yn it Frysk wêze mei. Dêryn, yn dagingen foar strafsaken of yn oproppen en yn útnoegings foar oare saken moat hiel dúdlik oanjûn wurde dat in ynwenner fan Fryslân de Fryske taal brûke kin yn ’e rjochtseal. It giet net om allinne sittings yn de provinsje Fryslân, mar om de rjochtbank dy’t Fryslân as har wurkgebiet hat (rjochtbank Noard-Nederlân of it gerjochtshôf Ljouwert-Arnhem).

Orgaan foar de Fryske taal

De ynstelling fan in Orgaan foar de Fryske taal is ûnderdiel fan dizze wet. Dit nije Orgaan hat aanst in wetlik foech en sjocht ta op de tapassing fan de Wet gebrûk Fryske taal en rapportearret dêroer oan de minister fan Ynlânske Saken en it Kolleezje fan DS. It Orgaan hat ek in soarte fan Ombudsfunksje. It bringt it ferlet en de winsken fan de ynwenners fan Fryslân op it mêd fan it Frysk yn kaart. It Orgaan sjocht aanst ek ta op de krekte ynfolling fan it Kaderferdrach foar Nasjonale Minderheden dat foar de Friezen ûndertekene is en op it Europeesk Hânfêst foar regionale talen en talen fan minderheden dat foar it Frysk ûnder diel III ûndertekene is. Gemeenten yn Fryslân moatte tenei taalbelied meitsje neffens de wet. It nije Orgaan foar de Fryske taal sjocht dêr op ta. In soad gemeenten hawwe al taalbelied of binne dêr mei dwaande. De gemeenten Amelân, Skiermuontseach, Skylge, Flylân en Weststellingwerf binne frijsteld fan dy ferplichting. Ferwachte wurd dat it Orgaan foar de Fryske taal begjin 2014 ynsteld wurde kin.

Ynhâld

Dit binne de twa wichtichste algemiene kêsten fan de wet (letterlike tekst):

Artikel 2

De officiële talen in de provincie Fryslân zijn het Nederlands en het Fries.

Artikel 2a

Gelet op de gezamenlijke verantwoordelijkheid en zorgplicht voor de Friese taal en cultuur maken het Rijk en de provincie Fryslân periodiek bestuursafspraken ter uitwerking van de verantwoordelijkheid inzake de Friese taal en cultuur. Vanwege de internationale verdragsafspraken op dit terrein kunnen de bestuursafspraken ook voor de Friese taal en cultuur relevante beleidsterreinen omvatten die liggen buiten het gebruik van de Friese taal in het bestuurlijk verkeer en in het rechtsverkeer. Kêst 2a makket dat de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) tusken Ryk en Provinsje wetlik ferankere is. Dy bestjoersôfspraak moatte provinsje en it Ryk altyd mei elkoar slute. Dêrmei jout kêst 2a tagelyk oan dat it belied op it mêd fan it Frysk breder is as allinne bestjoerlik ferkear en rjochtsferkear.