Sinnekear Konsert yn Theatertún Riis

Riis -  Yn de sfearfolle Teatertún yn Riis wurdt snein om 15.00 oere it Sinnekear Konsert holden.

Dit konsert is in unike gearwurking fan top-brassband de Bazuin B fan Oentsjerk mei fjouwer fan Fryslân’s bekendste fokalisten, Tet Rozendal, Frederike Kleefstra, Piter Wilkens en Gurbe Douwstra as solisten. It konsert, op ien fan de moaiste iepenloft konsert-lokaasjes fan Fryslân, soe al ein juni holden wurde mar moast doe fanwege de minne waarsomstandigheden útsteld wurde. It giet hjir yndie om in unike gearwurking, want alle fjouwer solisten hawwe fansels wol konserten jûn mei muzykkorpsen, mar yn dizze gearstalling is der noch nea meiinoar oparbeide. Der wurdt in farieard programma brocht, mei lietjes út it repertoire fan de fjouwer solisten, mar ek in grienmank fan lieten út it Frysk Lieteboek, dy’t spesjaal foar dit konsert makke is en arranzjeard waard troch Titus van der Woude fan de Bazuin. Fansels sille op dit Sinnekear Konsert de sjongers en sjongeressen by in grut part fan de lieten begelaat wurde troch brassband, mar ek solo en yn ferskillende gearstallings optrede. Mocht ek diskear it waar net meiwurkje, dan sil it Sinnekear Konsert plakfine yn de Klink yn Koudum. It konsert begjint om 15.00 oere, mar de tún is fan 14.00 oere ôf iepen. Kaarten: oan ‘e kassa of fia de site.