Weromsjen yn Gaasterlan (123)

Balk - Jelle Twijnstra ferteld ; De Fleurige Troubadours wie in initiatief fan Jaap Mulder en Johannes Wagenaar en bestie út musikanten út Gasterlân, de measten kamen út Aldemardum, Nijemardum en Sondel. Sy oefenen earst yn it búthûs fan fam. Mulder op de Hoitebuorren en letter  by de skoalle fan Nijemardum.  Der waar populaire musyk fan dy tiid spile mar ek sketskes fan sa’n 10 minuten en foardrachten. At der wer  wat nijs ynstudearre wie dan wie de premiêre yn it Chr. Lokaal yn Balk mei faaks yn it bywêzen  fan de Freule van Swinderen en Burgemeester Schwartzenberg.

De optredens wiene troch hiel Fryslân en sa ek foar de kamping-gasten fan Kamp Sondel, derom koene sy ek fan elke profinsje it folksliet spielje. Ek wie der wolris in optreden foar de RONO (Radio) De groep bestie fan ± 1952 oant  1956. Troch dat der minsken yn militaire tsjin moasten en wer oaren in gesin krigen  kwam der in ein oan it bestean fan de Troubadours. Op de foto  v.l.n.r. bovenste rij: Jan de Vries, Jaap Mulder, Jantsje de Jong, Fedde van Dijk †, Janny Westra †, Johannes Wagenaar †, Margje Sinnema. Middelste rij: Coby Mulder, Lies Bokma, Teun Stoker, Jelle Twijnstra. Voorste rij: Meine Hoekstra, Tietie de Jong, Sjirkje vd Weert, Jan Aukema. Op de website van het Histoarysk Wurkferbân Gaasterlân (www.historiegaasterland.nl) is de historie van de fleurige Troubadours uitgebreid terug te lezen onder de link histoarysk archief / kunst en cultuur. foto: Rommert van der Veen,  tekst: Rommert van der Veen /Johan Groenewoud reacties: info@langsdeluts.nl of telefoon 0514-604327