‘It Opstapke’ yn Nijemardum sertifisearre foar meartalige ûntwikkeling

NIJEMARDUM - Pjutteboartersplak ‘It Opstapke’ yn Nijemardum hat it sertifikaat 'pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling’ krigen.

Dat bardde woansdei doe't liedster Rozina van de Lagemaat  it sertifikaat oerlange krige fan Sjoeke Kampen fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang. It Opstapke wurket sûnt jannewaris 2011 mei in belied dat rjochte is op de meartalige ûntwikkeling fan jonge bern. No’t it sertifisearringstrajekt ôfrûne is, binne se in offisjeel twatalich boartersplak. Yn it ramt fan it feest wienen liedsters en bern ferklaaid. Der wie spesjaal foar dizze dei in wettertafel en in wigwam om mei te boartsjen en as ôfsluter kamen de âlden fan de pjutten om mei te iten.

De Provinsje stimulearret sûnt 2003 de ynfiering fan Frysktalich en meartalich belied yn de berne-opfang en it pjuttewurk. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang is oprjochte om plakken dêrby te helpen. It tal plakken dat it taalbelied ynfierd hat, stiet boppe de 130 en is noch altyd groeiende. Pjutteboartersplak ‘It Opstapke’ is ien fan de acht boartersplakken fan Stichting Peuterspeelzalen Gaasterlân-Sleat. Dat is in organisaasje dy’t pjuttewurk oanbiedt yn de gemeente Gaasterlân-Sleat. Alle acht boartersplakken dogge oan it sertifisearringstrajekt meartaligens mei en no’t ek Nijemardum it trajekt ôfrûne hat, binne se allegear sertifisearre. Op ‘It Opstapke’ prate liedster Rozina van de Lagemaat en tydlike frijwilligster Riky Haarsma konsekwint Frysk en fêste frijwilligster Marije van der Werf praat Nederlânsk. Neist de liedsters binne ek hânpoppen Tomke en Puk oanwêzich op it boartersplak. Tomke praat Frysk en Puk praat Nederlânsk.