Balkster Suzanna Pleiter grutte winner SjONG 2013

FRENTSJER - Suzanna Pleiter ut Balk is freedn de grutte winner wurden fan Sjong, it Frysktalich sjongfestival foar jongerein holden yn de Koornbeurs yn Frentsjer.

‘In geweldige stim, in moaie performance en in fenomenabele timing.’ Sa oardielde de sjuery sneon oer Suzanna Pleiter. Sa’n 250 besikers seagen hoe’t Suzanna harsels nei de oerwinning song mei it nûmer ‘Fiel my goed’, har eigen Fryske oersetting fan ‘Feeling good’ fan Nina Simone. ‘Machtich hoe’t Suzanna sa’n lestich nûmer, mei sa’n dreech a kapella begjin, bringt, fertelt Janice sjongeres Janneke Brakels. Sy foarme mei Tet Rozendal (sjongeres en teatermakker) en Sjoek Nutma (dirigint en mei-grûnlizzer fan SjONG) de sjuery. Se keazen unanym foar de learling fan CSG Gaasterlân út Balk. Behalve de Johan Bloem Bokaal, de wikselpriis fan SjONG, wint Suzanna as ekstra priis in optreden by Noardewyn Live, it muzykprogramma fan Omrop Fryslân. Dat optreden wêrby’t se live te sjen en te hearren is op tv en radio is op 14 juny 2013. Oare priiswinners Twadde waard Amerens Jongsma fan RSG Simon Vestdijk Harns mei it nûmer ‘Tabé’, de Fryske ferzje fan ‘Goodbye my lover’ fan James Blunt. ‘Want’, sa oardielde de sjuery ‘Amerens har timing en pianospel wienen geweldich.’ De tredde priis gong nei Jenny Semplonius fan RSG Magister Alvinus Snits. Sy song ‘Strider yn ‘e striid’, har Fryske ferzje fan ‘Angel’ fan Sarah Mclachlan. Piet Kroes fan Aldega SWF gong nei hûs mei de SjONG YouTube-priis. Syn klip ‘Mei wat help fan in freon’ fan SjONG 2011 waard 4700 kear besjoen op YouTube. Dat oantal views wie genôch om de SjONG YouTube-priis te winnen. De klips fan de audysjes fan SjONG 2013 steane ek alwer op YouTube. Sjoch op www.youtube.com/taalsintrum. Johan Bloem Bokaal Johan Bloem (1954-2012) wie ûnderwiisadviseur foar it fuortset ûnderwiis by Cedin en naam yn 2007 it inisjatyf foar SjONG. As muzykleafhawwer seach hy mooglikheden om jongeren te aktivearjen om moderne lieten yn it Frysk klinke te litten. Johan Bloem ferstoar yn 2012 oan kanker. SjONG wie yntusken in tradysje wurden. Reden genôch om by dizze 6de edysje fan SjONG in wikselbokaal yn it libben te roppen: de Johan Bloem Bokaal.