Foarearst gjin natuerûntwikkeling foar Huitebuersterbûtenpolder

Nijemirdum - De Huitebuersterbûtenpolder yn Gaasterlân ûndergiet foarearst gjin natuer-ûntwikkeling.

Undanks dat de provinsje Fryslân fan betingst is dat it gebiet grutte potinsje hat foar de ûntwikkeling fan weardefolle natuer. Mar sa lang at de grûn-eigners net fiele foar ferkeap, ferpleatsing of partikulier natuerbehear, bliuwt dit gebiet sa at it no is. Boppedat laat it tekoart oan natuerjild der ta dat de provinsje earder kiest foar projekten dy’t de measte kâns hawwe op realisearring. Dit hat de provinsje witte litten oan de stifting Gaasterlân Natuerlân. De provinsje hat it gebiet yn it natuerbehearplan opnaam mei de ambysje foar takomstige grutskalige natuer. It giet dan ûnder oaren om de fierdere ûntwikkeling fan de wâlen. Mar ek om it meitsjen fan in ferbining mei de Iselmar. Mear hjiroer yn de Balkster Courant van tongersdei 10 oktober.