Opnamen NODOE yn Fryske musea

LEMMER - De opnamen foar it nije programma NODOE fan Omrop Fryslân binne yn folle gong, de earste opnamedagen binne goed ferrûn. Oan dit programma dogge tolve famyljes mei trije dielnimmers mei.

Op 17 oktober strykt de opnameploech mei de grutte NODOE trailer wer del by ien fan de musea. Yn dit museum sil de famylje Oosting it opnimme tsjin de famylje Steensma-Talma. Foar de winst sil der bot switten wurde moatte. Sa sille de bern yn ronde 1 it swiere wurk oernimme fan de feanarbeiders, moatte pake en beppe sjen litte wat sy opstutsen hawwe fan de rûnlieding en geane de memmen op ûndersyk yn it museum. De finale ronde is in team-estafette. Hjirby moatte de famyljes goed gearwurkje en alle opdiene kennis en feardichheden ynsette om te winnen. Wa wit bringt Domela Nieuwenhuis de ferlossing! Yn elke ôflevering fan NODOE stride twa famyljes tsjin elkoar. In team bestiet út dielnimmers fan trije generaasjes; in pake of beppe, in heit of mem en in bern (10-14 jier). Alle ôfleverings besteane út 4 rondes. It giet yn NODOE om it opspoaren fan kennis, net om parate kennis. It team dat it tûkste, rapste en handichste is, wint it spul. NODOE is in gearwurking tusken Omrop Fryslân, Afûk, Tresoar en 9 Fryske musea om de Kanon fan de Fryske Skiednis mear ûnder de oandacht te bringen. De earste ôflevering is te sjen by Omrop Fryslân Televyzje op sneon 19 oktober om 17.00 oere. De dielnimmende musea binne: IJstijdenmuseum Bûtenpost, It Damshûs Nij Beets, Museum Martena Frjentsjer, Museum Dokkum, Fries Museum Ljouwert, Fries Landbouwmuseum Earnewâld, Woudagemaal De Lemmer, Fries Scheepvaartmuseum Snits en Kazemattenmuseum Koarnwertersân en Tresoar yn Ljouwert.