Rely Jorritsmapriis foar Paul van Dijk

Workum

Warkumer skriuwer en dichter Paul van Dijk hat foar it gedicht 'Etude yn 'e rein' de Rely Jorritsmapriis krigen. 

Foar de Rely Jorritsma priis wienen yn totaal tsien ferhalen en tweintich fersen ynstjoerd. De skriuwwedstriid is ûnderdiel fan de neilittenskip fan skriuwer Rely Jorritsma fan Jellum.
Yn syn testamint hat er fêstlizze litten dat der in fûns oprjochte wurde moast om syn neilittenskip te behearen. De fruchten dêrfan moasten dan brûkt wurde as prizejild foar priisfragen dêr't koarte ferhalen en fersen yn it Frysk foar ynstjoerd wurde moasten.
De útrikking fan de priis is op 1 oktober yn it tsjerkje fan Bears.

Auteur

Redactie