Volleybaltoernoai Nijemardum, mei auto’s oer it fjild | ingezonden

Foto Wiepkje Holtrop

Op tiisdei 28 juny en freed 1 july waard op it fjildsje efter it Doarpshûs wer it jierlikse volleybaltoernoai hâlden. Dit kear hiene de teams de nammen fan auto’s krigen; Old-timers om presys te wêzen.


Noch net earder wie de dielname sa lyts dat der mar 7 teams gearstald wurde koene.

De spilers dy’ t der al wiene, ha twa moaie jûnen hân, wêryn der wer alles oan dien waard om de bal net op de grûn te krijen. Mar it doel fan dit toernoai is net it winnen mar it spyljen mei elkoar en de gesellichheid. En dat doel is neffens de organisaasje mear as helle. Se binne ek bliid dat der ek in oantal nije ynwenners de stap setten ha om mei te dwaan. En elk wit, de minsken dy’t no meidien ha, stean oar jier ek wer op papier of it moat wêze dat se net kinne.

Beide jûnen wie it prachtich volleybalwaar; in hearlik sintsje ( wat wol soarge foar in ekstra hindernis want mei de sinne yn ‘e eagen seachst de bal net oankommen) en op de earste jûn gjin wyn. In perfekte lokaasje mei tank oan de eigener dy’ t mei ús mei tocht hie en der foar soarge dat de spilers en taskôgers in ekstra ‘warming up’ krigen troch de hikke ticht te litten en der noch in stroomtriedsje efter te spannen! Dat betsjutte mar ien ding: der oerhinne klimme of omrinne. Ek hie hy it gers wat te gau meant ( it wie wat oan de lange kant) sadat de spilers, as ‘hackneys’, mei de fuotten omheech, troch it fjild hinne draafden. Hy hâldt nammentlik fan hynders!

Op nei de útslach:

De poedel gie, nei ôftrek fan de minpunten, nei ‘ de Kevers’. Sy krigen in spûns, handich foar it ôfdrûgjen fan it swit of de auto mei te waskjen.

‘De Dafkes’ hiene de 6 de priis, ‘de Mini’ s’ de fiifde en nûmer 4 waarden ‘de Snoekebekken’.

‘De Lada’ s’ giene nei hûs mei in luchtferfrisser foar yn de auto want foar harren wie de tredde priis.

De twadde priis wie úteinlik foar ‘de Lelijk Eendjes’, sy hiene, krekt as de winner, likefolle wedstriden wûn mar te min setpunten dus in lekker doaske Old-timerdrop wie foar de spilers fan dit team.

‘De Fiatsjes’, Bart Baas, Willem Hospes, Petra Verf, Evert Nadema, Aize v.d.Tol, Andries Siemonsma en Pytrik van Sloten giene mei de auto shampoo nei hûs. En fansels mei de wikselbeker in jier by de spilers op de skoarstienmantel stean.

Der waard noch lang evaluearre yn it Doarpshûs en, nei in oprop fan Wiepkje om allegear foar in nije spiler te soargjen, hiene wy al gau sa’n 20 nije spilers op papier!

No earst mar in ledestop.


Coby Hospes-Pietersma


Nieuws

menu